Jo Serious Request-aksje by Omrop Fryslân!

Foto: Omrop Fryslân, Jaap Elzes

Fan 18 oant en mei 24 desimber stiet it glêzen hûs op it Saailân yn Ljouwert, foar de aksje Serious Request. Der wurdt safolle mooglik jild ophelle foar it Reade Krús. De opbringst is spesjaal bedoeld om wat te dwaan oan diarree by bern; in stille ramp dy't it gefolch is fan tekoart oan skjin drinkwetter, sjippe en húskes. Alle dagen stjerre 2200 bern oan de gefolgen fan diarree, dat binne rom 70 folle skoalklassen op in dei. Fral jonge bern binne kwetsber, omdat se noch wjerstân opbouwe moatte en diarree brekt de wjerstân ôf. It Reade Krús wol helpe mei skjin drinkwetter en sjippe, it bouwen fan wc's en troch trening en ynformaasje te jaan oer goeie hygiëne.

Rûnom yn Fryslân, mar ek dêrbûten, binne aksjegroepen, skoalklassen, kollega's, sportferienings en buorlju dwaande om jild yn te sammeljen foar Serious Request. Omrop Fryslân jout der wiidweidich omtinken oan! Wolle jo/wolsto graach wat omtinken foar jo/dyn aksje? Lit ús witte wat jim dogge! Mail nei SR13@omropfryslan.nl. Jou efkes oan wat der bart en set datum, tiid en plak der by. Wy belje fantefoaren efkes as wy lânskomme.

Omrop Fryslân by it glêzen hûs

Omrop Fryslân folget ek op de foet wat der by it glêzen hûs bart. Alle dagen binne de ferslachjouwers aktyf foar radio, televyzje en ynternet. Op sneon 21, snein 22 en by de ein fan it glêzen hûs op tiisdei 24 desimber binne der jûns spesjale edysjes fan Hjoed op televyzje. Mar je kinne ek sels sjen hoe't it der om en tagiet yn it Ljouwerter sintrum, troch de bylden fan ús webcam.

(advertinsje)