Satellyt

Omrop Fryslân bliuwt op satellyt te sjen

Omrop Fryslân bliuwt de kommende twa jier fia satellyt te besjen. Dêroer is in nije oerienkomst tekene mei de M7 Group, it memmebedriuw fan ûnder oaren CanalDigitaal. De nije oerienkomst is sletten mei Omrop Fryslân, RTV Noord, RTV Oost en Omroep Gelderland. Dy stjoerders binne fan freed 1 july ôf ûnderdiel fan it Basispakket fan CanalDigitaal wurden. Yn dat pakket sitte ek alle lanlike stjoerders. Satellytsjoggers dy’t no noch allinne free-to-air sjogge en de oanbelangjende regionale omroppen ûntfangen bliuwe wolle, krije it advys om in abonnemint by Canal Digitaal ôf te sluten. Mear ynformaasje is beskikber op CanalDigitaal.nl.

Problemen?
Hawwe jo problemen mei de ûntfangst? Dan kinne jo it bêste kontakt opnimme mei jo pleatslike dealer. In dealer by jo yn de buert fine jo hjir. Foar fragen oer CanalDigitaal rieplachtsje jo de Klantenservice fan CanalDigitaal of nimme jo telefoanysk kontakt op mei CanalDigitaal. De CanalDigitaal Klantenservice is berikber fan moandei o/m sneon fan 9.00 oant 21.00 oere.

(advertinsje)

Fragen en antwurden

    Hjirûnder fine jo de antwurden op de meast stelde fragen en wize wy jo de wei.

    • Wêrom wurdt dit nijs no pas bekend makke?
    • It kontrakt mei it memmeberiuw fan CanalDigitaal is noch mar krekt tekene. Der hawwe lange ûnderhannelingen west mei ferskate regionale omroppen. Dêrom koene wy dit nijs noch net earder nei bûten bringe.
    • Wêrom binne jimme no net mear Free-to-air beskikber?
    • Yn de nije oerienkomst is opnommen dat de stjoerders in it basispakket fan CanalDigitaal komme. De regionale omroppen en ek Omrop Fryslân moatte besunigje. Dêrom hawwe wy in skoftke lyn it kontrakt foar de satellytútstjoeringen opsein. CanalDigitaal woe de satellytútstjoeringen fan Omrop Fryslân en oare regionale omroppen graach fuortsette en dêrom is dizze oerienkomst ta stân kaam.

    Feroaringen foar satellytsjoggers

      Mpeg4
      Op 7 jannewaris 2014 is Omrop Fryslân Telefyzje oerstapt op in moderne útstjoertechyk (Mpeg4) op de satellyt. De Mpeg2-technyk dy’t altyd brûkt waard foar de satellyt-útstjoeringen, wurdt âld en dêrom skeakelje hieltyd mear omroppen oer op de nijste útstjoertechnyk.

      Om Omrop Fryslân Telefyzje fia de satellyt noch ûntfange te kinnen, hawwe jo in HD-ûntfanger nedich. Jo hoege dus allinne jo ûntfangstkastje yn ‘e hûs te ferfangen.

      Mear ynformaasje en fragen
      Hawwe jo fragen of wolle jo witte oft jo apparatuer geskikt is om Omrop Fryslân Telefyzje noch ûntfange te kinnen? Sjoch dan hjirûnder by: 'Fragen en antwurden oer Mpeg4'. Foar mear ynformaasje kinne jo ek sjen op: canaldigitaal.nl/regionalezenders. Op dy webside steane ek de kontaktgegevens fan Fryske leveransiers dêr’t jo in geskikte HD-ûntfanger oanskaffe kinne. Fierders binne der oanbiedingen te finen oangeande abonneminten op de satellyt-útstjoeringen.

      As jo mei in HD-ûntfanger nei Omrop Fryslân Telefyzje sjogge en dochs ûntfangstproblemen krije (bygelyks as it min waar is) rjochtsje jo skûtelantenne dan op ‘e nij út. Mei in pear milimeter ôfwiking kin der al sprake wêze fan in mindere byld- of lûdkwaliteit.

      Fragen dy’t faak steld wurde en ynstruksjefideo’s (bygelyks oer it útrjochtsjen fan de skûtel) fine jo hjirûnder en op: canaldigitaal.nl/vragen en canaldigitaal.nl/klantenservice/videos.

      Fragen en antwurden Mpeg4

        Hjirûnder fine jo de antwurden op de meast stelde fragen en wize wy jo de wei.

        • Werom giet Omrop Fryslân oer op MPEG4 HD-technyk?
        • De satellytûntfangst ferrint no fia MPEG2-ûntfangers. Dizze technyk ferâlderet gau en hieltyd mear omroppen geane oer op de nijste technyk: MPEG4. Dat is de nije standert, dy't ûnder oaren in hegere kwaliteit opsmyt. Omrop Fryslân hat besletten om no ek oer te gean op MPEG4. In soad omroppen en stjoerders gienen Omrop Fryslân al foar. De ferwachting is dat MPEG4 de kommende 10 oant 15 jier de standert is en bliuwt.
        • Hoe kin ik fan 7 jannewaris ôf Omrop Fryslân ûntfangen bliuwe?
        • As jo Omrop Fryslân Telefyzje ûntfangen bliuwe wolle fia de satellyt, dan hawwe jo in MPEG4/HD ûntfanger nedich. Ek hawwe jo in DUO LNB-kop nedich. As jo no ek al (mei de MPEG2 technyk) Nederlân 1 en Omrop Fryslân ûntfange kinne, is it hast wis dat jo al in DUO LNB-kop hawwe.
        • Ik kom de wurden MPEG4-ûntfanger en HD-ûntfanger tsjin. Is dêr in ferskil tusken?
        • Nee, der is gjin ferskil. In MPEG4-ûntfanger is in HD-ûntfanger. Mei in MPEG4-ûntfanger kinne HD-bylden ûntfongen wurden.
        • Hoe wit ik oft ik in nije ûntfanger nedich haw?
        • As jo no al HD-stjoerders ûntfange kinne, en as foarbyld RTV Drenthe en RTV Noord ûntfange kinne, dan hawwe jo al in HD-ûntfanger en hoege jo neat te dwaan. RTV Drenthe en RTV Noord binne al earder oergien op MPEG4. It is in goede test of jo mei jo ûntfanger dizze stjoerders ûntfange kinne. Slagget it net, dan hawwe jo in HD-ûntfanger nedich.
        • Ik haw in abonnemint op Canal Digitaal. Wat moat ik dwaan?
        • Foar abonnees, en oare minsken dy’t ynteressearre binne, hat Canal Digitaal in eigen ynformaasjeside oer de MPEG-wikseling. Op dy side kinne jo ek ynformaasje fine oer in spesjaal oanbod foar it oanskaffen fan in MPEG4-ûntfanger en eventueel in DUO LNB-blok.
        • Giet Omrop Fryslân Telefyzje ek yn HD útstjoeren?
        • Nee, Omrop Fryslân Telefyzje bliuwt yn SD útstjoeren. De MPEG4-technyk makket it útstjoeren fan HD-bylden wol mooglik. Omrop Fryslân is dêr yn alle gefallen sa wol op taret.
        • Haw ik in HD-telefyzje nedich?
        • Nee, Omrop Fryslân Telefyzje bliuwt gewoan yn SD kwaliteit útstjoeren, dêr is gjin HD-telefyzje foar nedich. De measte HD-ûntfangers hawwe in SCART en HDMI oansluting. Foar SD kinne jo gewoan gebrûk meitsje fan de SCART oansluting.
        • Wêrom moat ik in nij kastje oanskaffe?
        • MPEG4 is in sterk ferbettere technyk dy’t in hegere kwaliteit opleveret. De nije technyk soarget derfoar dat mei deselde oantallen data in bettere kwaliteit berikt wurdt. Mear regionale omroppen binne al oergien op MPEG4, sa as RTV Drenthe en RTV Noord. MPEG4 is in standert foar de takomst en geskikt foar HD. De hjoeddeiske MPEG2-technyk is ferâldere en sil oer in skoftke ferdwine.
        • Ik haw neffens my al in HD-ûntfanger, want der stiet HD op.
        • Dêr kinne jo net fan út gean. HD kin foar twa hiele oare techniken stean. HD stiet foar 'Hard Disk' en 'High Definition'. Dat binne twa ferskillende saken. De ûntfanger moat 'High Definition' ûnderstypje. Op ferskate ûntfangers stiet HD. Dêrmei wurdt bedoeld dat dy ûntfanger in Hard Disk hat, wêrmei't programma's opnommen wurde kinne. Dat betsjut net automatysk dat jo ek High Definition bylden ûntfange kinne. It kin dus ek goed sa wêze dat op in MPEG2-ûntfanger dochs HD stiet.
        • Haw ik neist in nije ûntfanger ek noch oare apparatuer nedich?
        • Yn prinsipe net, as jo al in DUO LNB-kop hawwe.
        (advertinsje)