King of Dirt

Wa wurdt de 'king of dirt'?

Midwykse wedstriden komme net in soad foar yn de autocross. Sûnt Willem-Alexander kening fan Nederlân waard is der yn de Fryske autocross in nije tradysje ûntstien: de Kings Battle. Woansdei 26 en tongersdei 27 april 2017 stiet Speedway Blauhûs wer fol mei racefanatisy foar dy spektakulêre wedstriid.

Omrop Fryslân is dêr dit jier foar it earst by. Alle wedstriden binne live fia Omrop Fryslân te folgjen.

(advertinsje)