Racing

Man! De race fan myn libben.

Motorkoereur Bertus Folkertsma is ree om de heechste risico's te nimmen. Al 25 jier is er profesjoneel aktyf op it de heechste nivo fan de Nederlânske motorsport. Mar op race gebiet hat er noch in ultime útdaging: race op it eilân Man! The TT of the isle of Man is in dykrace foar motors op it Britske eilân Man en stiet fanwegen it grutte tal ûngelokken bekend as de gefaarlikste fan 'e wrâld.

(advertinsje)

Kingsbattle útstjoering

De hiele útstjoering fan 'e Kingsbattle sjen? Dat kin, de hiele Kingsbattle & de Omrop Fryslân caravanrace is hjir boppe te sjen.

Omrop Fryslân live by de Kings Battle op 27 april yn Blauhús

Foto: Rararacing.nl

Wa wurdt de King of Dirt? Oftewol: wa wint de Kings Battle yn Blauhús. Op tongersdei 27 april wie Omrop Fryslân live by de autocrossraces yn Blauhús.

​In ûnderdiel fan de Kings Battle is de Omrop Fryslân caravanrace, wêrby’t de dielnimmers besykje om as langst mei de (hiele) caravan op it parkoers te riden. De winner nimt de Omrop-bokaal mei nei hûs en de bêste trije winne in barbecue.

Rûchhouwers, dat binne it!

Yn Fryslân lûke autocross-eveneminten alle simmers in soad leafhawwers. Yn de dokumintêre Rûchhouwers besjocht Omrop Fryslân de sport fan tichteby. Wêrom is autocross sa populêr en watfoar minsken crosse der eins?

Mear ynformaasje oer de dokumintêre is te finen op Ruchhouwers.nl en op Facebook.com/Ruchhouwers.

Wa wurdt de 'king of dirt'?

Midwykse wedstriden komme net in soad foar yn de autocross. Sûnt Willem-Alexander kening fan Nederlân waard is der yn de Fryske autocross in nije tradysje ûntstien: de Kings Battle. Woansdei 26 en tongersdei 27 april 2017 stiet Speedway Blauhûs wer fol mei racefanatisy foar dy spektakulêre wedstriid.

Omrop Fryslân is dêr dit jier foar it earst by. Alle wedstriden binne live fia Omrop Fryslân te folgjen.

(advertinsje)