Wurden fan Gysbert

Presintaasje fan de nije dûbel-cd 'Wurden' fan komponist/sjongeres Hiske Oosterwijk út de Broeretsjeke yn Boalsert. Omrop Fryslân is der by en stjoert it fan 16.00 oere ôf live út.

Hiske Oosterwijk sette foar 'Wurden' it wurk fan de 17-iuwske dichter Gysbert Japicx om ta nije muzyk. De Gysbert Japicx Holckema stifting joech Oosterwijk, mei help fan in bydrage fan Fûns Poadiumkeunsten, yn 2020 de opdracht om nije stikken te meitsjen op it wurk fan Gysbert Japicx (1603-1666). Earder al makke Oosterwijk op Gysbert ynspirearre wurk foar har ôfstudearopdracht oan it Prins Claus konservatoarium yn Grins.

(Advertinsje)