Typysk Teake

Teätermakker Teake van der Meer fan De Westereen is moandeitemiddei 28 desimber op 83-jierrige leeftiid ferstoarn. As earbetoan stjoert Omrop Fryslân tiisdei 29 en woansdei 30 desimber om 20.30 oere Typysk Teake út. Typysk Teake is in programma út 2011. Eelke Lok prate yn de twadielige rige mei Teake van der Meer oer hoe't syn typkes ta stân kamen en wêr't er syn ynspiraasje opdie.

Typysk Teake is op tiisdei 29 en woansdei 30 desimber yn twa dielen te sjen, beide jûnen om 20.30 oere by Omrop Fryslân op telefyzje.

(Advertinsje)