TsjilTV

TsjilTV is it berneprogramma fan Omrop Fryslân. It is geskikt foar bern tusken de 2 en 10 jier.
It is in magazineprogramma mei in samling fan nije en âlde programma's.

It giet om programma's sa as Tomke, Kening Hert & Harry Hazze, Bear Boeloe, WitWat en Wat tekenje ik.

Omrop Fryslân draacht mei Omrop Fryslân Tsjil by oan de ambysjes fan Taalplan Frysk 2030. Wy ynvestearje mei Taalplan Frysk yn de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo's. Taalplan Frysk 2030 is in gearwurking fan Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden, Omrop Fryslân, Semko, SFBO en de provinsje Fryslân. www.taalplan.frl

(Advertinsje)