Tsjerketsjinst

Yn ferban mei it Coronafirus ferfalle yn Fryslân de kommende wiken ek hast alle tsjerketsjinsten. Om de Friezen dochs in tsjerketsjinst belibje te litten, stjoert de Omrop kommende snein fan 10.00 oere ôf live op radio en telefyzje in tsjinst út.

De tsjinst komt út de Martinitstjerke yn Frjentsjer wei, mei as foargonger dominy Sytze Ypma en Jochem Schuurman as oargelist. In part fan it Kwartettekoar wurket ek mei oan de tsjinst.

(advertinsje)

Tsjerketsjinst útstjoeringen