Tjits Floch

Tjits, Jelke en harren bern Sake en Yldau fan Broeksterwâld binne fan dizze wike ôf alle wurkdagen te sjen yn harren eigen famyljevlog.
Famyljevlogs besteane al langer en binne yn binnen- en bûtenlân wakker populêr, mar dit is de earste famyljevlog dy't folslein yn it Frysk is. "Dat is foar my ek de reden om mei te dwaan" sa seit Tiffany 'Tjits' van der Wal.

"Ik bin al jierren drok dwaande mei it Frysk. Ik skriuw toanielstikken en ferskes en set my der bot foar yn. Dus dizze vlog is in logyske folgjende stap."

(Advertinsje)