Thúsakademy

Thúsakademy

De kolleezjes binne gewoanlik publyklik tagonklik, mar yn dizze tiid is dat net altyd mooglik. Dêrom bringe de Academie van Franeker en Omrop Fryslân de kolleezjes by jim yn de húskeamer. Foar de nije rige komme trije priiswinnende topwittenskippers oan it wurd oer har fakgebiet. Cisca Wijmenga, Theunis Piersma en Ben Feringa dogge baanbrekkend ûndersyk. Yn trije kertier nimme se ús mei yn har ûndersyk en lizze se út wêrom't dizze kennis foar eltsenien ynteressant of sels hiel wêzentlik wêze kin.
 

Woansdei 23 juny om 20.30 oere: 

Sprekker: Heechlearaar Humane Genetica Cisca Wijmenga (Drachten, 1964) har fakgebiet is auto-ymmúnsyktes en ôfwarsystemen yn it lichem. Yn 2015 krige se de Spinozapremie. Sy ûndersiket de gearhing tusken erflike en net-erflike faktoaren.
Yn har kolleezje fertelt se oer groanyske syktes en âlderdomssyktes en oer it Lifelines-projekt dêr't tûzenen noarderlingen oan meidogge. Wat dogge baktearjes yn ús terms en watfoar rol spylje dy by ús sûnens?

Woansdei 30 juny om 20.30 oere: 

Sprekker: Heechlearaar trekfûgelekology Theunis Piersma (Himmelum, 1958) syn fakgebiet is trekfûgels en Waadgebietekology. Yn 2014 krige er de Spinozapremie.
Fia belangstelling foar it Waadgebiet kaam er by de trekfûgels en ûntduts er dat dy fûgels dêr binne om't der fretten is. En sa kaam er by de fraach: wat ite wy sels? Hoe sjocht ús lânbou derút? Kinne we buorkje sûnder de ierde te fernielen?

Tongersdei 8 july om 20.30 oere:  

Sprekker: Gemikus en heechlearaar Ben Feringa (Barger-Compascuum, 1951) syn fakgebiet is molekulêre nanomasines. Yn 2016 wûn er de Nobelprijs voor de Scheikunde.
Yn syn kolleezje fertelt er oer nanotechnology. Op molekulêr nivo makket er 'motors' dy't medisinen yn it lichem nei eksakt it goede plak witte te bringen en dy op it juste momint oan en út te setten, sadat medisinen folle presizer har wurk dwaan kinne.

Fragen fan publyk
De lêzingen binne yn de Hortustún achter it âlde akademygebou yn Frjentsjer. By de earste twa ôfleveringen kinne sjoggers live fragen stelle. Yn de útstjoering wurde de fragen sammele en stelt programmamakker Bart Kingma se nei ôfrin oan de sprekker. By de tredde ôflevering komme de fragen fan in groep skiekundelearlingen.

Oer de Thúsakademy
Thúsakademy is in gearwurking fan Omrop Fryslân en Academie van Franeker, om it wichtige en faak wêzentlike wurk fan wittenskippers begryplik oer te bringen. In soad - foar de measte minsken - abstrakt en yngewikkeld ûndersyk kin foar ús allegear in konkreet belang tsjinje. Yn 2017 is besletten om it ferline fan de Frjentsjerter Universiteit (1585-1811) yn de Academie van Franeker in ferfolch te jaan om wittenskip en maatskippij tichter by inoar te bringen mei publykskolleezjes.

(Advertinsje)