Teake: Moat it no sa

Mei konferenses, komyske typkes en hilaryske sketskes sille Teake, Griet en Minze de lakers wer op har hân witte te krijen. Dizze smûke famyljeshow wurdt oanfolle mei moaie Fryske muzyk en adsurde, koarkdroege magy. Teake is in fenomeen en in folkskomyk. De typkes dy't hy bringt binne werkenber en hilarysk. Griet wurdt mei har kolderike typkes en wol de Tineke Schouten fan Fryslân neamd. Yn har sketskes mei Minze giet der ek fan alles mis mei syn trúks. Jo kinne wer twa jûnen genietsje en laitsje mei dizze trije Fryske toppers op 30 en 31 desimber nei Hjoed.

Diel dit berjocht op:

Teake: Moat it no sa útstjoeringen

(advertinsje)