Sneon yn Fryslân

Sneon yn Fryslân mei Geert van Tuinen is fiif oeren radio mei moaie muzyk, reaksjes fan harkers en de aktuele sport. Reagearje kin ûnder de útstjoering fia de Omrop-app.

Nei de fuotbal-, de kuorbal- en de keatskompetysje, wurdt yn maaie de bal ynruile foar in tou. De hiele moanne maaie stride froulju- en manljuploegen foar de winst yn in toulûkkompetysje. Mar it is net samar toulûken. Der moat in Omrop Fryslân-frachtwein yn oardel minút maksimaal 100 meter lutsen wurde. In hiel karwei!

Sterkste man Wout Zijlstra is tiidens de spannende striid haadskiedsrjochter. Yn de finale wurdt bepaald hokker ploeg oan it langste ein lûkt en mei de felbegearde beker nei hús giet.

Folgje de striid fan sneon 1 maaie ôf alle wiken yn Sneon yn Fryslân, live op radio, telefyzje of fia de online kanalen fan Omrop Fryslân.

Presintaasje: 
Geert van Tuinen
(Advertinsje)