Skûtsjekafee

It skûtsjesilen sil dit jier foar it earst ek foarbeskôge wurde op radio yn it saneamde Skûtsjekafee. Op tongersdei 3 en freed 4 augustus makket Omrop Fryslân live út Grou wei in foarbeskôging op de SKS wedstriden. Der wurdt weromsjoen op it kampioenskip fan 25 jier lyn en dêrom skoot de famylje Brouwer mei skipper Sytze en omke Tjitte oan. Op freed 18 augustus steane yn it Skûtsjekafee de IFKS wedstriden sintraal. Ek dêr wurdt weromsjoen op de kampioen fan 25 jier lyn, Age Bandstra yn dit gefal.

Skûtsjekafee útstjoeringen

(advertinsje)