Skûtsje Kafee

De jûn foar't it IFKS losbarst sjogge we foarút mei skippers, bemanningsleden, bestjoersleden en oare saakkundigen yn it Skûtsje Kafee. It Skûtsje Kafee is freed 17 augustus fan 19.00 oant 20.00 oere te hearren by Omrop Fryslân op 'e radio.

Te gast is ûnder oaren Tony Brundel. Sûnt 1996 sylt hy mei syn skûtsje de Lytse Lies yn de grutte A-klasse, wêrmei hy de langstsilende skipper is op dit nivo. Fiif kear waard hy IFKS-kampioen. Ferline jier wie in (persoanlik) dreech jier mar de 67-jierrige Brundel wit noch fan gjin ophâlden, sterker noch; hy wol dit jier it sechde kampioenskip binnen helje.

De Amsterdammer Daan van der Meer sylt dit jier foar it earst op it heegste nivo fan de IFKS. Hy docht dat mei in nij skûtsje, mei fiif maten kocht hy de Opsjitter fan Willem Zwaga. Daan kocht it skûtsje mar mei ien doel: binne fiif jier wol hy IFKS-kampioen wurde.

Sjoukje Tadema, bemanningslid fan it Eastermarder Skûtsje, fersoarget de kollum en muzyk is der fan Johannes Rypma.

Publyk is wolkom yn it Skûtsje Kafee! De opnamen binne fan 17.30 oant 18.30 oere by restaurant De Hinde yn Hylpen. De útstjoering op radio is om 19.00 oere.

Skûtsje Kafee útstjoeringen

(advertinsje)