Sis it mar! op tv

Fan de krystdagen oant âld en nij hasto it foar it sizzen by Omrop Fryslân! We draaie dyn fersykjes. En net allinnich oerdeis... ek nachts! Krekt yn dizze tiid wolle wy der dei en nacht foar dy wêze. En it is ek nochris in moaie kâns om de minsken dy'tsto yn dizze perioade net sjen kinst te ferrassen mei in moaie plaat.

Dus oerdei de gewoane programmearring en jûns en nachts ekstra Sis-it-mar-oerkes. Alle 24 oeren stean dyn fersykjes sintraal. Sis it mar! 

App dyn fersykje tusken 27 desimber en 31 desimber fia de Omrop-app of stjoer 'm nei 06 20 499 199.

(Advertinsje)