Sexy Fryslân

Op in eigentiidske wize wurdt ûndersocht wat ús Fryslân no ta in seksy provinsje makket. Yn acht ôfleverings is dat ûndersyk op de tongersdeis en freeds op Omrop Fryslân Televyzje te folgjen. Oan de hân fan in tal stellingen oer wat Fryslân seksy makket wurde eksperiminten útfierd om te testen oft dit ek echt sa is. Bygelyks, de stelling is: ‘bûter, brea en griene tsiis’ makket Fryslân seksy. Dan wurdt der yn it programma eksperimintearre oftst fan dy ek ingrediïnten wat lekkers meitsje kinne. ‘Sexy Fryslân’ is in inisjatyf fan Omrop Fryslân yn gearwurking mei de oplieding Kommunikaasje fan de NHL Hegeskoalle yn Ljouwert.

Meitinke oer wat jo seksy fine oan Fryslân? Lit dan in reaksje efter op de Facebook-pagina fan Omrop Fryslân fia www.facebook.com/omropfryslan. ‘Sexy Fryslân’: Fan tongersdei 19 novimber ôf, fjouwer wiken lang op tongersdei en freed op Omrop Fryslân Televyzje. De ôfleverings binne tusken 16.00 en 17.00 oere te sjen.

Diel dit berjocht op:

Sexy Fryslân útstjoeringen

(advertinsje)