Set 'm op Fryslân

Boartsjende bern, sportende memmen, húsdieren dy't streken úthelje, heiten dy't húswurk útlizze, nim mar op.

De programmamakkers brûke social media as boarne; moaie filmkes en foto's fan Facebook, Instagram, Twitter, Tiktok ensfh. Artysten dy't thús in nûmer meitsje komme ek oan bar, yn alle ôfleveringen komt in 'homemade' fideoklip.

Elkenien yn Fryslân kin filmkes mei de Omrop diele fia #setmop. Lit jim sjen Friezen, Friezen, lit jim sjen... Set 'm op Fryslân!

Set 'm op Fryslân fan moandei o/m freed te sjen, sa'n kertier oant tsien minuten foar it hiele oere.
 

(advertinsje)