Romte

Yn de nije telefyzjesearje Romte wurde fiif ferskillende projekten fan bewenners folge. De ynrjochting fan in buerttún, it ombouwen fan bosk ta park, de terp fan de takomst, it plan foar De Peinder Mieden en in mienskiplike tún. It binne allegearre inisjativen om de omjouwing fan de bewenners moaier te meitsjen.

Mei de searje Romte wolle Landschapsbeheer Friesland en de Friese Milieu Federatie sjen litte dat minsken sels ynfloed hawwe op harren omjouwing. Om oare Friezen oan te moedigen ek oan de slach te gean. De searje moat ek sjen litte watfoar effekt in inisjatyf hat yn it omlizzende gebiet en de kwaliteiten dêrfan. Op Romte.tv wurde de ynwenners fan Fryslân ynspirearre en ynformearre oer hoe’t sy harren eigen omjouwing moaier meitsje kinne.

Diel dit berjocht op:

Romte útstjoeringen

(advertinsje)