Reuzen fan Royal de Luxe

Omrop Fryslân lit fia in livestream bylden sjen fan de earste foarstelling fan de Reuzen op freed 17 augustus. De livestream is fan 10.00 oere ôf te besjen fia de Omrop-app, Omropfryslan.nl, Facebook en ek op telefyzje. Presintatrise Jantine Weidenaar fersoarget it kommentaar by de bylden. Fierders is der in ferslachjouwer op 'en paad om de mieningen fan it publyk te peilen en de sfear yn de stêd te priuwen. Dêrneist wurdt it hiele wykein in liveblog byhâlden fan de situaasje yn de stêd, de lêste updates oer it ferkear en de sfear.

(advertinsje)

Reuzen fan Royal de Luxe útstjoeringen