Requiem yn it Frysk

Op de lêste snein foar de krystdagen is de útfiering fan de Fryske oersetting fan Ein Deutsches Requiem fan Johannes Brahms te beharkjen op de radio. De Fryske oersetting is makke troch Willem Abma en Jantsje Post.

It requiem waard troch Brahms skreaun tusken 1865 en 1668. It is geastlike muzyk, mar sûnder liturgyske teksten. It bestiet út sân dielen, en duorret sa'n 80 minuten. Dêrmei is dit it langste wurk fan Brahms. Brahms rûn al langer om mei it idee om in requiem te skriuwen; in mis dy't yn de katolike earetsjinst opdroegen wurdt oan de deaden. Mooglik hat de tragyske dea fan syn goeie freon Robert Schumann yn 1856 der oan bydroegen dat Brahms syn foarnimmen útfierde. Yn de jierren dêrnei skreau hy de earste stikken. In lytse tsien jier letter ferstoar syn mem. Dêrnei kaam it komponearjen yn in streamfersnelling.

It stik is keazen troch dirigint Hans de Wilde om't hy it stik in epilooch fynt op it drokke kulturele jier 2018. It stik ropt op ta rêst nei alle drokte en hoop dat alles fan it ferline as gedachten behâlden bliuwt.

Requiem yn it Frysk is op 30 novimber yn de grutte tsjerke fan Ljouwert opfierd troch it NHL/Stendenkoar mei as solisten Fardau van der Woude en Roele Kok en pianisten Johan Bijholt en Monique van de Ven. It gehiel stie ûnder lieding fan Hans de Wilde.

(advertinsje)

Requiem yn it Frysk útstjoeringen