Presintaasje LF2018

Op tiisdei 3 oktober is de lansearring fan it programma fan Leeuwarden-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018. Elkenien is útnûge op it Gouverneursplein yn Ljouwert om te sjen wat der allegearre te belibjen falt yn 2018. Omrop Fryslân jout rom omtinken oan de presintaasje yn Fryslân Hjoed en stjoert dêrnei fan 18.00 oere ôf it programma live út op telefyzje en online.

Mei noch gjin hûndert dagen oant de offisjele iepening wurdt tiisdei foarút sjoen nei de eveneminten dy’t yn Fryslân plak fine sille. Ferskate projekten út it programma presintearje harren sels, ôfwiksele mei muzyk. By de lansearring wurdt ek it LF2018-liet foar it earst spile troch Nynke Laverman, Sytze Pruiksma en jonge musisy fan de FulkaanAkademy.

Presintaasje LF2018 útstjoeringen

(advertinsje)