Oftraap Fryske Boekewike

De ôftraap fan de Fryske Boekewike 2021 is op sneontejûn 6 maart te folgen op Omrop Fryslân telefyzje fanút de Westertsjerke yn Ljouwert.

Spesjale gast is de skriuwster fan it Fryske kadoboek Hilda Talsma. De útstjoering foarmet de feestlike ôftraap fan de Fryske Boekewike, mei nijsgjirrige ynterviews, muzyk en foarpriuwkes. De Boekewike fynt plak fan 6 oant en mei 14 maart.

(Advertinsje)