NK fierljeppen & de Freule

Sneon 19 septimber is de 118e edysje fan de Freule in Wommels. De keatspartij is yn kombinaasje mei it NK Fierljeppen fan 13.30 oere ôf live te folgjen by Omrop Fryslân TV. 

De Freule yn Wommels is in wichtige keatspartij foar de jonges fan 14 oant 16 jier en fynt gewoanwei alle jierren begjin augustus plak. Troch de coronamaatregels is de partij dit jier ferpleatst nei 19 septimber. Der is dit jier, útsein gasten, gjin publyk wolkom yn Wommels.

NK Fierljeppen
Nei it FK Fierljeppen twa wike lyn is it sneon tiid foar it Nederlânsk Kampioenskip. De 24 sterkste Friezen en de 24 bêste fierljeppers fan bûten Fryslân stride yn Burgum tsjin inoar om de nasjonale titels. Ferline jier waarden gienen fjouwer fan de fiif gouden medaljes nei Hollân.

Sneon 19 septimber is de kombinaasje Freule en it NK Fierljeppen fan 13.30 oere ôf live te folgjen op telefyzje by Omrop Fryslân. De Freule is fan 13.00 oere ôf ek folslein te folgjen fia de stream op Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Op Omrop Fryslân Radio is yn Sneon yn Fryslân ek omtinken foar de Freule en it NK Fierljeppen.

(advertinsje)