Muzykteäterstik Faderpaard

It muzykteäterstik Faderpaard is ynspirearre op it ferneamde gedicht ‘It Faderpaard’ fan de Fryske dichter Tsjêbbe Hettinga. Yn it stik fan regisseur Jos Thie komme hynders, muzyk, teäter en poëzy byelkoar. Thie hat der in ôfwikseljende show fan makke troch te spyljen mei tradisjonele hynstesportûnderdielen yn kombinaasje mei poëzy en muzyk. Oan it teaterspektakel wurken mear as hûndert akteurs en musisy mei, wêrûnder Gerrit Breteler en Brigitte Kaandorp.

In wichtige rol is weilein foar Théatre du Centaure út Marseille, ûnder oaren bekend fan Oerol mei in foarstelling fan Fryske hynders, filmprojeksjes en poëzy. Ek Blythe Brown, de frou fan thrillerskriuwer Dan Brown docht mei. Sy lit har Amerikaanske show ‘Behind the mask’ sjen. Sjongeres Nynke Laverman en musikus Sytze Pruiksma fersoargje de muzyk. It dekôr wurdt foarme troch filmbylden op in byldskerm fan 8 by 40 meter.

Muzykteäterstik Faderpaard útstjoeringen

(advertinsje)