Muzyk yn Bedriuw

Dyn wurkdei goed begjinne? Fan moandei oant en mei freed bin ik der tusken njoggen en tolve oere moarns mei Muzyk yn Bedriuw. Njonken in hiel soad muzyk fan de list fan it bedriuw fan de dei, bûch ik my alle dagen oer in ûnderwerp dêr’t by wize fan sprekken oer praat wurdt by de kofje-automaat. Gjin swiere saken dus, mar wol nijsgjirrige ûnderwerpen út Fryslân of dêrbûten. Yn de Muzyk yn Bedriuw Muzykkwis stride twa kandidaten tsjininoar. Wa hat de measte muzykkennis? En dan is der ek noch elke dei in oare nijsgjirrige rubryk. Lêsmaproddels, tiisdeitoppers, lyts nijs dat ek hiel grut wêze kin en nijsgjirrige feiten oer it Frysk: it komt allegearre foarby!

 

Doch mei oan de Muzyk yn Bedriuw Snertwedstriid

Wa makket de lekkerste snert fan Fryslân? Omrop Fryslân siket it út en wol op freed 2 febrewaris yn it programma Muzyk yn bedriuw. Kinsto ien dy’t hiele lekkere snert makket of bisto miskien sels wol in echte snertmaster? Wolsto de Muzyk yn Bedriuw Snertkening- of keninginne wurde? Jou dy dan no op foar de Muzyk yn Bedriuw snertwedstriid fia ûndersteand opjefteformulier.

De wedstriid is op freed 2 febrewaris yn de kantine fan Omrop Fryslân. De snert fan alle dielnimmers wurdt test troch in sjuery mei ûnder oaren topkok Reitse Spanninga. Bring dyn snert del, wy hâlde it waarm en yn de lêste oere wurdt bekend wa’t de Snertkening- of keninginne fan Muzyk yn Bedriuw is!

Jou dy op fia www.omropfryslan.nl/snert

Share this page on:
Presintaasje: 
Arjen Overmaat

Muzyk yn Bedriuw útstjoeringen

(advertinsje)