Muzyk is myn thús

Basile Maneka is (gospel)sjonger, gitarist, perkusjonist, performer, komponist en dosint Afrikaanse muzyk. Basile groeide op yn Kinshasa, yn in rike Kongoleeske muzyktradysje. Basile kaam yn 1993 yn Nederlân, yn it AZC yn Ljouwert terjochte. Hy is Angola ûntflechte om't it kommunistyske rezjym dêr, him finzen nimme woe. Yntusken wol Basile nea mear út Fryslân wei, hy fielt him hjir thús.

Basile is hjir troud, hat twa bern en libbet fan de muzyk. It grutte publyk kin him miskien net, mar hy is in bekende namme yn de Fryske muzykwrâld. Dit jier jout hy acte de présence op it Frysk Sjongers Gala. Yn de oanrin nei de útstjoeringen fan it Frysk Sjongers Gala, stjoert Omrop Fryslân in portret fan him út.

(advertinsje)

Muzyk is myn thús útstjoeringen