Liet Ynternasjonaal

Tsien artysten, tsien talen en tsien lieten. Liet Ynternasjonaal is it sjongfestival foar regionale- en minderheidstalen.

Dêr't it evenemint oare jierren plak hie earne yn Europa, koe dat it ôfrûne jier net trochgean.
It evenemint soe yn april 2020 plakhawwe yn it Deenske Aabenraa, mar ek dat waard ôfblaasd troch de pandemy. Om de artysten dochs in poadium en it fertsjinne omtinken te jaan, komt Liet mei in fideogala. By de tsien artysten sit Sequens, de winner fan Liet 2019 mei it liet 'Do bist frij'.

De tsien artysten presintearje har lieten en prate mei presintator Foppe van der Veen oer har muzyk, har taal en har regio. Weromsjen Liet Ynternasjonaal 

(Advertinsje)