Libje yn it Fean

Wat eartiids it terrein wie fan de turfstekkers, is hjoed-de-dei in ryk natuergebiet yn it hert fan Fryslân. Yn de film 'Libje yn it Fean' wurdt it unike ferhaal ferteld oer de leechfeangebieten tusken Drachten, It Hearrenfean en Ljouwert.

Yn in reis troch de tiid en de ferskillende seizoenen, wurdt de sjogger meinommen nei it ûntstean fan dizze gebieten en hoe't se útgroeid binne ta rykbloeiend feangebiet. Dêrby spilet de feankultuer in wichtige rol. Mear as in iuw lang waard ûnder swiere omstannichheden hurd wurke om turf te winnen. Doe't de minsken fuortgiene, waard it gebiet weromjûn oan de natuer.

In hiel jier, fan winter oant winter, folget de sjogger de feroaringen yn de floara en fauna. De leechfeangebieten binne no in thús foar in soad bysûndere moeras- en wetterfûgels. In plak fan ûntwyk foar in ferskaat oan reizgers. Boppedat binne der bisten weromkaam dy't lang fuort west hawwe út it Nederlânske natuerlânskip, lykas de otter en de see-earn.

(advertinsje)

Libje yn it Fean útstjoeringen