Lauswolt Simmerkonsert

Yn july spile it Noord Nederlands Orkest al yn de bosken fan Beetstersweach. In registraasje fan it jierlikse Lauswolt Simmerkonsert is nochris te sjen op Omrop Fryslân Telefyzje.

Yn de útstjoering kinne jo genietsje fan it tolfde simmerkonsert wêryn’t net allinnich it Noord Nederlands Orkest de stjerren fan de himel spile. Ek de Drintske mezzosopraan Rosanne van Sandwijk, de Fryske saksofoniste Femke IJlstra en de Grinzer dirigint Frans-Aert Burghgraef makken it programma kompleet. De útstjoering is in gearwurking fan de trije noardlike omroppen (Omrop Fryslân, RTV Drenthe en RTV Noord).

Diel dit berjocht op:

Lauswolt Simmerkonsert útstjoeringen

(advertinsje)