Kletterdei: iepening 11-fountains

Op freed 18 maaie wurde de 11 fonteinen yn de 11 Fryske stêden iepene. De fonteinen binne ûntwurpen troch ynternasjonale keunstners yn it ramt fan Ljouwert-Fryslân 2018. De keunstners stelle tusken 16.00 en 17.00 oere sels de fonteinen foar it earst yn wurking. Dat wurdt begelaat troch moaie bylden dy't it publyk fan stêd nei stêd begeliede.

Fan Ljouwert nei Dokkum, Frjentsjer, Harns, Boalsert, Warkum, Hylpen, Starum, Sleat, Drylts en Snits. De iepening, ek wol Kletterdei neamd, is net allinne mei te belibjen op grutte skermen yn de stêden, mar ek live te folgjen by Omrop Fryslân op telefyzje en online fia Omropfryslân.nl en de Omrop-app.

Presintaasje: 
Miranda Werkman

Kletterdei: iepening 11-fountains útstjoeringen

(advertinsje)