Kening Hert en Harry Hazze

Yn ‘Kening Hert en Harry Hazze’ binne de haadrolspilers de yntelliginte, mar in bytsje naïve Kening Hert en syn wat ûndogenske lakei Harry Hazze. De akteurs spylje de sênes mei in grutte hânpop. De poppen komme noch mear ta libben troch de mimyk fan de akteurs, in konsept dat noch net earder op telefyzje brûkt is. De akteurs en de poppen wurde ien, sy fersmelte meielkoar.

Kening Hert & Harry Hazze jouwe ek workshops. Dêrby komme sy op skoalle om mei de bern in tonielstik te dwaan. Opjaan kin fia khhh@omropfryslan.nl. 

Kening Hert en Harry Hazze is te sjen op www.skoal.tv/programma/kening-hert-harry-hazze en op telefyzje op alle earste woansdeis fan 'e moanne om 10.30 oere.

Kening Hert en Harry Hazze útstjoeringen

(advertinsje)