It paad werom

De redakteuren fan It paad werom gienen op ‘e siik nei minsken dy’t witte hokker ferhalen der hearre by de âlde bylden út it filmargyf. Minsken dy’t it bygelyks sels meimakke hawwe, der mei in soad wille oan werom tinke of dy’t it der no noch dreech mei hawwe omdat de plannen dy’t se doe hiene, bygelyks net trochgien binne.
Hiel faak docht bliken dat efter dy bylden in nijsgjirrich stikje skiednis ferskûle sit. In fergetten ferhaal, mar dêr’t – ast goed sikest – guon minken noch prachtich en smout oer fertelle kinne.

(Advertinsje)