It lân fan Efke

It lân fan Efke is in programma foar de beukers as foarrinner op Studio F. Cedin taalsintrum Frysk, AFUK en Omrop Fryslân hawwe it materiaal ûntwikkele. Der is in map mei 10 útwurke téma's. By alle téma's heart in televyzjeprogramma en in radioprogramma.

It televyzjeprogramma 'it lân fan Efke' giet oer Efke en syn mem. Se wenje yn in lyts húske op de top fan in berch. Se libje dêr tegearre. Mem mei graach skilderje en Efke is faak drok oan it bouwen mei syn blokken. Tegearre bedarje se alle kearen yn in fantasij.
De útstjoerings binne te sjen op www.tsjek.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)