It Grut Frysk Diktee

It Nationale Dictee ferdwynt, mar yn Fryslân dogge we der krekt in flinke skep boppe-op. Op woansdei 27 juny 2018 meitsje nammentlik 680 minsken It Grut Frysk Diktee yn 'e iepen loft. Bekende Friezen Wiebe Kaspers, Habtamu de Hoop en Wout Zijlstra dogge ek mei! Welmoed Sijtsma, bekend fan it NOS Jeugdjournaal, skriuwt dit jier it diktee. Sy hâldt it koart en it wurdt net in te dreech diktee. Falt der ek wat te laitsjen? Wis en wrachtich, want it motto is: it diktee 2018 moat in feestje wêze! Folgje thús de prestaasjes fan de dielnimmers of pak pinne en papier en doch sels mei. 

It Grut Frysk Diktee is te sjen op woansdei 27 juny fan 19.30 oere ôf te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje en online. Sels meiskriuwe kin op it plein of thús fia www.fryskdiktee.frl. 
 

It Grut Frysk Diktee útstjoeringen

(advertinsje)