It geheim fan De Deelen

De magyske wrâld ûnder wetter

It geheim fan De Deelen is in film wêrfoar't filmmakker Herman Zeilstra in jier lang tagelyk ûnder en boppe wetter filme hat yn natuergebiet De Deelen. It resultaat is in film wêryn't alle seizoenen foarby komme en in rykdom oan libben op en yn it wetter te sjen is. It sinneljocht op it wetter en bypassende filmmuzyk ûnder de bylden meitsje de film ta in magysk gehiel. De film waard makke yn gearwurking mei Steatsboskbehear en earder fertoand op it Oranjewoudfestival. Op moandei 24 desimber by Omrop Fryslân op TV.

It geheim fan De Deelen útstjoeringen

(advertinsje)