Ik bliuw

Fryslân is ien fan de provinsjes dy’t in soad te krijen hat mei leechrin. Minsken ferlitte it plattelân en lûke nei de grutte stêd. Dochs binne der noch in soad minsken dy’t bewust op it plattelân wenjen bliuwe. Mar wêrom eins? ‘Ik bliuw’ siket minsken op dy’t yn ferbân mei in bysûndere baan, hobbys of de leafde foar harren doarp op it plattelân wenjen bliuwe.   

Wat hat it plattelân fan Fryslân wat de grutte stêd net hat en wat driuwt minsken om yn de doarpen te bliuwen? Om dat út te finen makken acht studinten fan de NHL Hogeschool yn Ljouwert it programma ‘Ik bliuw’. Presintatrise Wypkje Hettinga makket in roadtrip troch Fryslân op syk nei antwurden. Yn alle ôfleveringen steane oare doarpen yn Fryske krimpgebieten sintraal en dogge pleatslike bewenners harren ferhaal. De minsken dy’t yn it programma nei foaren komme hawwe allegear in bysûndere hobby, baan of in bepaalde bining mei de streek. ‘Ik bliuw’ besiket út te finen wat de krimp foar effekt hat op it gebiet en hoe’t de ynwenners dêr mei omgeane.   

Utstjoerdata

  • Oflevering 1 – Baard, Tsjom en Easterein -
  • Oflevering 2 – Rie, Sint-Anne en Seisbierrum -
  • Oflevering 3 – Marrum, Dokkum en Ingwierrum -
  • Oflevering 4 – Nyegea, Eastermar en De Pein -
  • Oflevering 5 – Donkerbroek, Aldeberkeap en Appelskea -
  • Oflevering 6 – Blesdike en Sonnegea -

‘Ik bliuw’ wurdt  werhelle yn wike 25 om 18.35 oere. 

Ik bliuw útstjoeringen

(advertinsje)