Ik bin PRO

It soe in einstasjon wêze, in skoalle foar bern mei in learefterstân dy't gjin kâns meitsje op in diploma en wurk. Oer it praktykûnderwiis en syn learlingen besteane in soad foaroardielen. Omrop Fryslân hat dêrom yn gearwurking mei it praktykûnderwiis Fryslân de searje 'Ik bin PRO' makke. Yn it programma rint presintator Raynaud Ritsma hast in jier lang mei op trije Fryske skoallen foar praktykûnderwiis.

Yn 'Ik bin PRO' wurdt it ferhaal sketst fan it stigma dêr't de bern lêst fan hawwe. In ferhaal dat ek as spegel tsjinnet foar ús ûnderwiissysteem en de prestaasjemaatskippij dêr't wy yn libje. PRO Dokkum, De Diken yn Snits en Sevenwolden Compagnie op it Hearrenfean steane sintraal yn dit nije programma fan Omrop Fryslân.

Projektwike by Omrop Fryslân

Heal jannewaris joech Omrop Fryslân in wike lang rom omtinken oan dit type ûnderwiis. It ferhaal fan de learling, âlder, dosint, direkteur en wurkjouwer: it kaam allegearre foarby.

  • Lês hjir it artikel oer de foaroardielen oer it praktykûnderwiis. 
  • Heit Leen Bleeker oer praktykûnderwiis
  • Direkteur Broer van Kammen oer de tanimming fan learlingen yn it praktykûnderwiis 
  • Mear bedriuwen moatte iepenstean foar jongerein yn it praktykûnderwiis 
  • Dosint Nynke Tiersma oer praktykûnderwiis jaan yn de praktyk

De freugde en it fertriet fan it PRO: fan 22 jannewaris ôf alle woansdeis om 17.30 oere en dêrnei alle oeren by Omrop Fryslân yn 'Ik bin PRO'.

(advertinsje)