Ik bin benijd!

Yn ‘Ik bin benijd!’ giet ús panel op syk nei keunst en kultuer yn Fryslân. Yn de hiele provinsje besykje sy musea, erfgoed, muzyk en teäter. Se dogge mei oan ekskurzjes en ûntdekke de moaiste rûten.

It panel bestiet út: Lydia Annema (33) fan Burgum. Se is fotografe en sljocht op de Waadeilannen. Hendrik Boonstra (41) út Sint-Nyk, better bekend as Reade Rikus, sjonger van Jitiizer. Ek hy is tige ynteressearre yn de Fryske kultuer en skiednis. Marit-Ellen Windstra (18) en Lisanne Dijk (19) fan Oerterp binne freondinnen en geane tegearre op ‘en paad. Lidwien Broenink (56) fan De Jouwer is trouamtner en dêrneist hâldt se fan hurdrinnen. Jorn van der Schaar (21) studearret toskhielkunde en is graach dwaande mei de Fryske taal.

It is foar de panelleden alle kearen wer in ferrassing wêr’t se telâne komme sille. Sa kinne sy ûnpartidich harren miening jaan. Is it in oanrieder of net?

Ik bin benijd! útstjoeringen

(advertinsje)