IepenUP Live

Diskusje, optredens, lêzingen, fideo's en muzyk; yn de wyklikse talkshow IepenUP Live yn poppoadium Neushoorn kin alles. Alle woansdeis steane yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal; hoe libje wy mei ús allen, watfoar subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP Live.

Elkenien kin oanwaaie komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is te folgjen op Omropfryslan.nl, yn de Omrop-app en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP Live is te finen op harren Facebookside. IepenUP Live is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.

IepenUP Live wurdt mei mooglik makke troch de provinsje Fryslân.

(advertinsje)

IepenUP Live útstjoeringen