Hynstekeuring

Finale 2024

Sjoch no de finale werom fan sneon 13 jannewaris.

Jubileumshow

Ta gelegendheid fan it 145-jierrich bestean fan it KFPS stiet op de jûn fan 11 jannewaris de jubileumshow op de planning. Dy show is sneon 13 jannewaris om 19.30 en 22.30 oere te sjen op telefyzje by Omrop Fryslân.

Sportcast:

Yn it ramt fan de Hynstekeuring wurdt in spesjale Sportcast útstjoerd. De Sportcast stiet folslein yn it teken fan de Hynstekeuring mei oan tafel kenners út de hynstewrâld.

Hea!

Hea! hat fjouwer bysûndere útstjoeringen yn it foar en nei de Hynstekeuring.

Tiisdei 9 jannewaris is Hea! by Margriet Griffioen en Gert van Dijkhuizen, eigeners fan Stal fan Wettersicht yn Follegea. Sy hawwe in fokkerij en traine hynders en sille meidwaan oan de jubilieumshow.

Tongersdei 11 jannewaris is Hea! by Tsjalling de Boer dy't tegearre mei syn heit de Stal fan de Kadyk yn Sint Jansgea opsetten hat. Syn leafde en passy foar it Fryske hynder is grut en hy hat each foar in goed Frysk hynder. Op de grutte keuring sille der 6 Fryske hynsten yn de arena komme, dy't hy traint en dêr't hy foar in part eigener fan is.

Tiisdei 16 jannewaris sjogge wy yn Hea! werom mei Margriet en Gert nei de jubileumshow. Hoe is it gien?

Woansdei 17 jannewaris sjogge we yn Hea! hoe't Tsjalling it mei syn hynsten dien hat op de keuring.