Hollands Requiem

It jier 2020 en de earste helte fan 2021 stiene yn it teken fan in soad beheiningen: troch de pandemy waarden hiel wat konserten en eveneminten annulearre. Ek it Betinkings- en Befrijingskonsert Fryslân is twa kear net trochgongen, mar no is it dochs noch sa fier: op sneon 9 oktober sil it konsert plakhawwe, yn de RK-tsjerke yn Sint-Nyk.

It sil it earste konsert yn Fryslân dat yn it teken stiet fan de 75 jier frijheid en wurdt iepene troch kommissaris fan de Kening Arno Brok.

It konsert wurdt útfierd troch it Nationaal Symfonisch Kamerorkest, it Noord-Nederlands Kamerkoor, solisten Wendy Roobol (sopraan) en Joep van Geffen (bariton) en dit alles ûnder lieding fan dirigint Jan Vermaning. Sy sille it Hollands Requiem spylje, hertaald troch Jan Rot

(Advertinsje)

Hollands Requiem útstjoeringen