Hoe hat it libben harren kleure?

De aventoeren fan Tomke, Romke, buorfamke Yana Yu en Kornelia de Kangoeroe. Wa ken se net? De ferhalen oer Tomke en syn freonen besteane dit jier alwer 25 jier. En dêrom hat Omrop Fryslân in spesjaal programma oer se makke: 'Hoe hat it libben harren kleure?' Yn dit programma sjocht programmamakker Feije van der Meer werom nei bern dy't 25 jier ferlyn foarlêzen waarden, yn de earste Tomke-rige.

(Advertinsje)