Hessel en Tess


Nei dat Skylger sjonger en kroechbaas Hessel van de Kooij Ahoy de Heineken Music Hall fol krigen hat, rûn op 4 febrewaris fan dit jier ek de Ziggo Dome yn Amsterdam fol mei 10.000 fans. Mar no kamen se net allinnich foar heit Hessel van der Kooij, mar dielde hy dizze kear it poadium mei syn dochter Tess. It is bysûnder dat artiesten dy't allinnich mar optrede op in pear fjouwerkante meter yn it eigen kafee op Skylge, der yn slagje om safolle minsken oan harren te binen.

Tess: “Mensen komen naar Terschelling om de gejaagdheid van het vasteland achter zich te laten, om hun hoofd echt helemaal leeg te maken. Ze zoeken en vinden op het eiland een gevoel van vrijheid. Tijdens hun bezoek komen mensen vaak even bij ons, en daardoor is het vrijheidsgevoel aan ons gaan hangen... maar ze komen natuurlijk ook voor gewoon goede muziek.”

Dit konsert is yn trije dielen te sjen by Omrop Fryslân telefyzje op 26, 27 en 28 desimber mei alle hichtepunten fan it konsert yn de Ziggo Dome, mei ûnder oaren in gast optreden fan rapper Typhoon. Mei Hessel en Tess sjogge werom op it grutte evenemint, en se stean alwer yn de startblokken foar it folgjende aventoer.

De feestdagen by Omrop Fryslân

Hessel en Tess útstjoeringen

(advertinsje)