Hearrenfean-Wolfsburg live

Omrop Fryslân stjoert sneon de wedstriid SC Hearrenfean - VfL Wolfsburg streekrjocht út op telefyzje. De wedstriid set om 15.00 oere útein. Sawol SC Hearrenfean as it Dútske Wolfsburg binne op wintertrainingskamp yn Spanje. Se riede harren sa ta op de twadde seizoenshelte fan de kompetysje.

VfL Wolfsburg is de nûmer 13 fan de Bundesliga, by de eardere Dútske lânskampioen spylje ûnder oare de Oranje-ynternasjonals Jeffrey Bruma en Riechedly Bazoer. De wedstriid wurdt sneontejûn om acht oere werhelle.

Hearrenfean-Wolfsburg live útstjoeringen

(advertinsje)