Harkemase Boys - Staphorst

De finale om de noardlike distriktsbeker tusken Harkemase Boys en Staphorst is op sneon 16 maaie live by Omrop Fryslân te folgjen. Fan 16.45 oere ôf docht Omrop Fryslân op televyzje en radio live ferslach fan de fuotbalwedstriid op sportpark De Bosk yn De Harkema.

De live-útstjoerings binne ek online te folgjen fia de app en de webside fan Omrop Fryslân. Ek op Twitter wurdt ferslach dien. Op snein 17 maaie om 13.00 oere wurdt de wedstriid werhelle op Omrop Fryslân Televyzje.

Share this page on:

Harkemase Boys - Staphorst útstjoeringen

(advertinsje)