Gouden finylmiddei

Kinst fansels nei in streaming muzyktsjinst harkje, op dyn telefoan. Of do kinst in CD út it laad fiskje en opsette. Mar de belibbing by de muzyk is dochs it grutst asto âlderwetsk, orizjineel finyl op in draaitafel leist! Dat is it konsept fan de Gouden Finylmiddei, Peaskemoandei fan 13.00 oant 18.00 oere by Omrop Fryslân.

Helje dyn âlde plaatsjes út de jierren ’60, ’70, ’80 of ’90 fan de souder en nim se mei nei Omrop Fryslân. De hiele middei bist wolkom yn de studio oan de Zuiderkruisweg 2 yn Ljouwert, om dyn âlde platen wer ta libben te wekken. It leafst singles fansels, want dy klinke it bêst. Spesjale gast is Wilfred de Jong, âld-DJ fan Radio Aquarius, Radio Caroline en Mi Amigo. Hy nimt syn finyl ek mei en jout saakkundich kommentaar.

Gouden finylmiddei útstjoeringen

(advertinsje)