Goeiemiddei op TV

Mei nijsgjirrige petearen, de bêste muzyk, de leukste spultsjes en do krijst alle romte om mei te praten. Wy binne tige nijsgjirrich wat dy dwaande hâldt, sa freegje wy alle dagen asto in kreative link betinke kinst foar in plaat by in berjocht.

Alle dagen dogge wy in moaie priis yn de ferrastas. Dy kinst winne troch mei te dwaan oan ien fan de spultsjes op it nije prizerêd. We hâlde de spanning deryn foar dy, en foar ússels. Want wy witte ek net watfoar spultsje wy draaie.

(Advertinsje)