Fryslân Kiest

Listlûkersdebat
Ien dei foar de ferkiezingen wurdt op 19 maart yn it provinsjehûs in listlûkersdebat hâlden. Yn dat debat diskusearje de listlûkers oer aktuele en Fryske tema's. Dat alles is fan 19.00 oere ôf te sjen op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app en wurdt om 21.00 en 23.00 oere werhelle.

Utslaggejûn
Op de ferkiezingsdei sels, woansdei 20 maart, steane de ferkiezingen de hiele dei sintraal by Omrop Fryslân. Mei de opkomstsifers, de stimming by de buro's en jûns in ferkiezingsútstjoering mei de lêste útslaggen. Fan 20.00 oere ôf sjocht Omrop Fryslân op de radio mei gasten werom op de ôfrûne bestjoersperioade en bringt sa gau mooglik de lêste útslaggen, de reaksjes dêrop en fansels tsjutting. Om 22.00 oere is dat ek te folgjen op telefyzje. 

(advertinsje)

Fryslân Kiest útstjoeringen