Fryslân fan 'e moarn

Fryslân fan ’e moarn is it moarnsprogramma by Omrop Fryslân op de radio, alle wurkdagen tusken 6 en 9 oere moarns. Mei it aktuele nijs, sport, waar, muzyk en alle moannen in ferslachjouwer op 'en paad. Fierders is der in nijskwis mei alle dagen in priis foar de winner, en fiif kollumnisten, tsien ‘mediawatchers’ en foar de harkers tal fan saken dêr’t sy oer meiprate meie of harren miening oer jaan kinne.

Yn 2018 ek alle dagen in reportaazje fan it LF2018-projekt Iepen Doar(p). Dit binne protretten fan alle ynwenners fan Feanwâldsterwâl. De portretten binne werom te finen op iependoarp.eu.

Presintaasje: 
Jacob Stelwagen

Fryslân fan 'e moarn útstjoeringen

(advertinsje)