Fryslân fan Boppen

Foar Fryslân fan Boppen kinne minsken in boadskip op 'e grûn meitsje om de ynwenners fan Fryslân in hert ûnder de riem te stekken. Twa wiken lang fleane alle wurkdagen drones boppe de provinsje om dy boadskippen en minsken te filmjen. De bylden wurde útstjoerd op Omrop Fryslân, by de Ljouwerter Krante en op de Facebookside fan LF2028. Fryslân fan Boppen is in inisjatyf fan LF2028, de Fryske gemeenten en de provinsje Fryslân yn gearwurking mei Omrop Fryslân en de Ljouwerter Krante. 

Spesjale rûtes troch de provinsje
De drones fleane op wurkdagen moarns oer bekende of bysûndere rûtes yn de provinsje en dy binne fia in GPS-tracker op de foet te folgjen. Alle gemeenten yn Fryslân wurde oandien. De start is op de Fryske Befrijingsdei, 15 april, mei de rûte dy't de Kanadezen 75 jier lien ôflein hawwe foar de befrijing fan Fryslân. Ek de Slachte, de Alde Feanen en de Alvestêderûte binne foarbylden fan rûtes dêr't de drones oer hinne fleane. Elkenien dy't in aksje ûnderweis opset, kin it oanmelde fia ûndersteande knop.   

Utstjoeringen op tv en online

De bylden fan de opnamedei binne ien wurkdei letter werom te sjen by Omrop Fryslan op tv en online.

  • Alle wurkdagen tusken 14.00 en 16.00 oere op tv (op moandei binne de opnamen fan freed te sjen)
  • Werhelling jûns om 21.30 oere op tv
  • Online fia Utstjoering Mist. Klik hjirûnder op in datum om de útstjoering werom te sjen.
Rûte Utstjoering werom sjen
De befrijjingsrûte tongersdei 16 april 14:00 oere en 21:30 oere
De Slachte freed 17 april 14:00 oere en 21:30 oere
De Alde Feanen - De Lemmer moandei 20 april 14:00 oere en 21:30 oere
Earste Alvestêde etappe tiisdei 21 april 14:00 oere en 21:30 oere
Twadde Alvestêde etappe woansdei 22 april 14:00 oere en 21:30 oere
Tredde Alvestêde etappe tongersdei 23 april 14:00 oere en 21:30 oere
De Waadeilannen freed 24 april 14:00 oere en 21:30 oere
Noardeast Fryslân moandei 27 april 14:00 oere en 21:30 oere
Keningsdeirûte súdeast-Fryslân tiisdei 28 april 14:00 oere en 21:30 oere
Marrerûte woansdei 29 april 14:00 oere en 21:30 oere
(advertinsje)

Fryslân fan Boppen útstjoeringen